Ha jo sels foto's of in bysûnder ferhaal? Help ús mei mei it fierder oanfoljen fan dizze webside en stjoer it nei ús ta.
sykje yn de dûkkaarten
De ferrieders
Underdûke wie riskant, foar de ûnderdûkers likegoed as foar de gastgesinnen. De eangst by de gastjouwers om (swier) straft te wurden wie grut. Dêr kaam noch by dat der fel op ûnderdûkers jage waard. By de opspoaring waard faak gebrûk makke fan ferrieders. Ek Fryslân krige te meitsjen mei joadejagers.
Ideology, finansjeel gewin en sjantaazje
Der binne ferskate redenen oan te wizen wêrom’t Nederlânske boargers der ta oer giene om ûnderdûkte lângenoaten te ferrieden. Soms gie de Dútskgesindheid sa fier, dat men bekenden, dy’t ûnderdûkten om net foar de Dútsers wurkje te hoegen, oanjoech. Foar it ferrieden fan joaden spile antysemitisme in belangrike rol. Finansjeel gewin koe dêrby ek in belangrike driuwfear foarmje. Yn Amsterdam wie yn 1943 de saneamde Colonne Heinnecke aktyf. De mear as fyftich leden dy’t de kolonne telde, ûntfongen 7 gûne fyftich foar elke joad dy’t oanbrocht waard.
Foar safier bekend hat dat yn Fryslân gjin praktyk west. Wol kaam it hjir foar dat joadske ûnderdûkers jild en kostberheden ûntfytmanne waard troch sa neamde helpers. In berucht foarbyld dêrfan wie Frans Vergonet, wêroer hjirûnder mear.
Ekstra gefaarlik koe it wurde wannear’t finzen nommen helpers troch de Dútsers foar de kar steld waarden. It libben behâlde, mar dan wol meiwurkje mei de besetter of ôffierd wurde nei in konsintraasjekamp of yn it slimste gefal eksekúsje. Guon joadehelpers waarden dan joadeferrieders.
Frans Vergonet
Ien fan de meast beruchte ferrieders fan joaden yn Fryslân wie Frans Vergonet. Dizze Ljouwerter âld-ûnderwizer hie him earst foardien as immen dy’t joaden helpe woe mei it finen fan in ûnderdûkadres. De redenrike Vergonet wist fan meardere joaden it fertrouwen te winnen. Hy brocht se op ferskate adressen ûnder, benammen yn it noardeasten fan Fryslân. It die al gau bliken dat hy it net út pure neisteleafde holp. Hy wie foaral út op de rykdom fan de joaden. Doe’t koffers mei kostberheden, dêr’t hy even op passe soe, net by de ûnderdûkte joaden, c.q. de rjochtmjittige eigeners terjochte kamen en hy finansjele ôfspraken mei de gastgesinnen net nei kaam, rekke hy yn de problemen. Guon fersetsminsken hiene al gau wantrouwen yn him. Dat waard fersterke doe’t der nei syn arrestaasje troch de SD oerfallen dien waarden op adressen dêr’t hy earder joaden ûnderbrocht hie. Tanksij de foarútsjende blik fan it ferset wiene de ûnderdûkers al op oare plakken yn feilichheid brocht. It gefaar fan Vergonet waard no lykwols sa grut achte, dat besletten waard him fan kant te meitsjen. Dat barde op 27 oktober 1943.