Ha jo sels foto's of in bysûnder ferhaal? Help ús mei mei it fierder oanfoljen fan dizze webside en stjoer it nei ús ta.
sykje yn de dûkkaarten
De searje
Fan april ôf alle wiken útstjoerd by Omrop Fryslân tv en op NPO2, dêrnei te sjen op dizze webside.
‘Foar in soad minsken, dy’t yn frede opgroeid binne, is it dreech te begripen wat it foar ûnderdûkers betsjutten hat om koarte of langere tiid yn in skûlplak, ûnsichtber foar de Dútske besetter, opsletten te sitten.
Net alle ûnderdûkers fertelle dêr graach oer. Mar wannear’t se dat wol dogge, hingje wy oan harren lippen en harkje wy oandachtich nei wat se te fertellen hawwe. De generaasje dy’t noch oer de oarloch fertelle kin, wurdt lykwols hieltyd lytser.
Mei de histoaryske dokumintêresearje Underdûkt yn Fryslân wolle Tresoar en Omrop Fryslân ferhalen út dy tiid fertelle, ferhalen dy’t net of amper by it grutte publyk bekend binne. Mei-inoar sille sy in byld jaan fan de ûnderdûk yn de oarlochsjierren yn Fryslân. De searje wurdt fan sneon 29 april ôf alle wiken útstjoerd by Omrop Fryslân tv en op NPO 2’