Ha jo sels foto's of in bysûnder ferhaal? Help ús mei mei it fierder oanfoljen fan dizze webside en stjoer it nei ús ta.
sykje yn de dûkkaarten
Underdûk yn Fryslân
It oantal ûnderdûkers yn de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân is steld op 23.000. It is net mear as in rûge skatting en nei alle gedachten in te lege skatting. Betroubere boarnen, dy’t de hiele oarlochstiid bestrike, ûntbrekke.
Belangryk yn dit ferbân is ek it antwurd op de fraach: wat ferstean wy krekt ûnder in ûnderdûker? Wiest dat wannear’tst dy foar in langer skoft yn in frjemd hûs foar de bûtenwrâld ferstoppe hiest of wie dyjinge dy’t thús by driigjend gefaar foar in pear oeren ûnder it bedstee kroep ek in ûnderdûker? Om in goed byld te krijen fan alle fasetten om it tema Underdûk yn Fryslân hinne, brûke wy it begryp in de meast brede betsjutting fan it wurd.
Fryslân as ûnderdûkprovinsje
Wêrom wie Fryslân in ideale provinsje om ûnder te dûken? Trije faktoaren spilen dêrby in rol. Yn it foarste plak hie de provinsje troch de Dútske ynfal amper skea oprûn en hie mei útsûndering fan de Waadeilannen in relatyf lichte Dútske besetting. Belangriker wie de omstannichheid dat der in grut plattelân wie, dêr’t in soad ôfhandich leine pleatsen en huzen in goede mooglikheid beane om ûnder te dûken. De lêste belangrike faktor wie dat der geregelde skipfeartferbiningen tusken Amsterdam en Fryslân wiene. De fearboat fan De Lemmer is de bekendste, mar dêrnjonken wiene der ek beurtskippers dy’t foar ferfier soargje koene.
Hoe’t it begûn
De joaden wiene de earste groep dy’t ferfolge waard. Yn de simmer fan 1942 begûnen de deportaasjes. In part fan de joadske mienskip koe en/of woe net beseffe wêr’t dy ta liede soene.
In oar part seach de earnst fan de situaasje wol yn en besocht in goed hinnekommen te sykjen. Dat wie yn it begjin alderminst in maklike opjefte. Fan in organisaasje wie earst noch gjin sprake. It finen fan in ûnderdûkadres wie ôfhinklik fan in betrouber persoanlik kontakt.
Yn Fryslân hie men oer it algemien gjin besef fan de earnst fan de Joadeferfolging. Dochs waard der yn de twadde helte fan it jier 1942 al wol in netwurk opset fan kontakten tusken de Rânestêd en Fryslân.
Dat netwurk waard foaral brûkt foar it ûnderbringen fan joadske bern út Amsterdam.
De organisaasje
Yn de winter fan 1942 – 1943 waard de Landelijke Organisatie voor hulp aan Onderduikers, koartwei de LO, oprjochte. Fryslân krige in provinsjale ôfdieling. De LO wie de grutste organisaasje yn it ferset. In soad oare organisaasjes, lykas de knokploegen (foar it oanleverjen fan by ynbraken bút makke distribúsjebonnen en persoansbewizen), it Nationaal Steunfonds (foar jild) en falsifikaasjeburo’s (foar ferfalske identiteitspapieren) wiene belangrike leveransiers fan de LO. Hoe wurke de LO? Fia beurzen, provinsjaal likegoed as lanlik waarden ‘fraach en oanbod’ op inoar ôfstimd. By it finen fan ûnderdûkadressen spilen de netwurken fan predikanten en ûnderwizers in belangrike rol. De organisaasje koe de folgjende soarten meiwurkers:
- Dyjinge, dy’tsoargen foar begelieding by de reis nei it earste opfangplak; joadske bern waarden meastal begelaat troch froulike studintes
- Dyjinge, dy’t de earste opfang fersoargen
- Dyjinge, dy’t soargen foar it ûnderbringen by it ‘definitive’ gastgesin en dy’t de ûnderdûkers letter besochten, om bygelyks bonkaarten te bringen.
De organisaasje hie in earste swiertepunt yn Snits fan wêrút de ûnderdûkers oer de rest fan de provinsje ferspraat waarden. In twadde swiertepunt wie Ljouwert.
De neamde LO telde yn Fryslân fiif distrikten: Dokkum, Drachten, Ljouwert, Snits en Stiens. Dizze omfetten de folgjende gemeenten:
- Distrikt Ljouwert: Ljouwert
- Distrikt Stiens: Barradiel, it Bilt, Frjentsjer, Frjentsjerteradiel, Harns, Ljouwerteradiel, Menameradiel, Skylge
- Distrikt Dokkum: Achtkarspelen, It Amelân, Dantumadiel, Dokkum, Ferwerderadiel, Kollumerlân, Eastdongeradiel, Skiermûntseach, Tytsjerksteradiel, Westdongeradiel
- Distrikt Drachten: Idaarderadiel, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân, Utingeradiel
- Distrikt Snits: Baarderadiel, Boalsert, , Gaasterlân, Haskerlân, It Hearrenfean, Himmelumer Aldefurd, Hylpen, Lemsterlân, Raarderhim, Sleat, Snits, Drylts, Weststellingwerf, Wûnseradiel, Wymbritseradiel.
De praktyk
Underdûke wie net maklik. Alderearst moast men in fertroud ûnderdûkadres fine. Fierder moast men falske papieren hawwe: persoansbewizen en distribúsjebeskieden etc. De LO slagge der hieltyd better yn om yn al dy behoeften te foarsjen.
Underdûkers kamen faak yn in hiel oare wrâld telâne. De oergong fan de stêd nei it plattelân wie grut. Men moast wenne oan oar iten en faak in oare taal. It wie fan belang harren sa folle mooglik oan te passen om de kâns op ûntdekking sa lyts mooglik te meitsjen. Dat slagge de ien better as de oar.
Nei de oarloch
Nei de befrijing begûn it opdûken. Yn de kranten ferskynden oproppen oan ûnderdûkers om harren registrearje te litten by in LO-buro. In part fan de Fryske administraasjes – dat gie om 5415 ûnderdûkers – is bewarre bleaun. De registraasjeformulieren fan ûnderdûkers dy’t mear as hûndert jier ferlyn berne binne, binne iepenbier wurden en wurde op dizze webside toand. Yn 2017 giet it dêrby om formulieren en kaarten fan 2582 ûnderdûkers. Elk jier sille der op 1 jannewaris ‘nije’ formulieren frijjûn wurde.
De measte ûnderdûkers koene stadichoan wer nei hûs. Foar de joadske ûnderdûkers wie dat faak in yngewikkelde saak. In protte minsken kamen der efter dat it grutste part fan de famylje omkommen wie yn de kampen. Oer de takomst fan de joadske wezen waarden lange en heftige diskusjes fierd, mei alle neidielige gefolgen dêrfan foar de bern.