Ha jo sels foto's of in bysûnder ferhaal? Help ús mei mei it fierder oanfoljen fan dizze webside en stjoer it nei ús ta.
sykje yn de dûkkaarten
De helpers
De organisaasje en útfiering fan de ûnderdûk wie folslein ôfhinklik fan minsken, dy’t harren der faak gehiel belangeleas foar ynsetten. Allinnich de LO telde yn hiel Nederlân tûzenen meiwurkers dy’t soargen foar it transport, de earste opfang en it ûnderbringen en fersoargjen fan ûnderdûkers. Dêr binne de gastgesinnen noch net iens mei rekkene. Soene wy dat al dwaan, dan komme wy út op in mearfâld.
It alderearste begjin
It helpen fan minsken dy’t gefaar rûnen, begûn op ymprovisearjende wize. Litte wy de húshâlding fan Jacob de Jonge ris as foarbyld nimme. De Jonge wie joadsk en yn de jierren ’30 eigener fan in bedriuw yn it Dútske Weener. Nei ferskate fernederingen en finzenskip kearde hy yn 1938 Dútslân de rêch ta en fêstige him yn Ljouwert. Dêr waard hy direkteur fan in technysk bedriuw. Nei de Dútske ynfal yn Nederlân duorre it net lang ear’t it gesin op ‘e nij konfrontearre waard mei anti-joadske maatregels. Hy dielde syn soargen mei dyjinge dy’t syn finansjele administraasje kontrolearre. Syn namme? Krijn van den Helm. Van den Helm kaam út Amersfoort en krige in baan by de belestingtsjinst yn de Fryske haadstêd. Hij moast, lykas syn ynspekteur Jan Evenhuis, neat hawwe fan de diskriminearjende en rasistyske maatregels fan de besetter. Van den Helm sei De Jong syn help ta, mocht dat nedich wêze. Yn augustus ’42 wie it safier. It gesin De Jonge krige berjocht dat sy har klear meitsje moasten om fuort te gean. Van den Helm brocht harren nei in ‘geestverwant’, wêrnei’t se yn Drylts telâne kamen dêr’t sy oant de befrijing ûnderdûkt bleaune. Harren dochter Ruth waard opnommen yn de húshâlding fan Van den Helm. Ek sy soe de oarloch oerlibje.
It netwurk wreidet him út
Fan it ien kaam it oar. Der waard al gau op ‘e nij in berop op Van den Helm dien. De fraach om foaral joadske bern ûnder te bringen, kaam út Amsterdam. Studinten ûnder lieding fan Piet Meerburg hiene dêr al in organisaasje opset en de earste kontakten mei Fryslân wiene lein. Krijn van den Helm begûn yn Fryslân mei it opbouwen fan in organisaasje, dy’t earst foaral bestie út fertroude kollega- belestingamtners. Mar it duorre net lang oft it netwurk waard fierder útwreide. In belangrike pion yn de Súdwesthoeke waard Sjoerd Wiersma, dy’t direkteur wie fan in waskerij yn De Jouwer. Hûnderten dy’t ferfolge waarden kamen dêrnei nei Fryslân foar in skûlplak.
De fersoargers
In belangrike rol wie weilein foar de fersoarger. Hy wie it dy’t de ûnderdûkers en de gastgesinnen, dy’t hy ûnder syn hoed en noed hie, geregeld opsocht. Hy soarge foar bonkaarten en jild foar de gastâlders (as dat lêste de ôfspraak wie), mar wannear’t it nedich wie, regele hy ek opnamen yn it sikehûs en besiten oan hús- en toskedokters. En mocht in joadske ûnderdûker in natuerlike dea stjerre, dan moast der in yllegale begraffenis regele wurde.
De rol fan de frou
Spesjale oandacht yn dit ferbân fertsjinnet de frou. Har rol is al beneamd dêr’t it gie om it transport fan joadske bern fan it westen fan it lân nei Fryslân. Mar net minder belangryk wie de rol fan gastfrou, by wa’t de ûnderdûkers ûnderbrocht waarden. Sy moast mear minsken te iten jaan en krige follere waskkuorren. Boppedat moatte wy net ferjitte dat sy faak iepen die wannear’t der troch Dútsers en/of Dútskgesinde Nederlanners op ‘e doar slein waard. De eangst foar wat der barre koe mei de ûnderdûkers, mei har man en mei harsels hat soms grut west.