onderduikers
Onderduikers

Joaden

De earste groep bestie út joaden, dy’t har oan deportaasje nei Poalen ûntlûke woene. It is wrang dat relatyf net folle Fryske joaden ûnderdûke koene, omdat de yllegale organisaasje dêrfoar noch net ta stân kommen wie doe’t de deportaasje yn de simmer fan 1942 begûnen. Sy waarden yn de rin fan dat jier fia Kamp Westerbork ôffierd nei Auschwitz of Sobibor. Doe’t yn 1943 foar it twadde  jier efterinoar grutte groepen Amsterdamske joaden deportearre wurde soene, wie it ûnderdûken better organisearre en wie de naïviteit by meardere minsken fuort. It leauwen dat de joaden nei deportaasje in minsklik lot te wachtsjen stie, wie doe al ferdwûn. It totaal oantal joadske ûnderdûkers waard rûsd op 25.000, wêrfan’t der sa’n 3.000 yn Fryslân telâne kamen.

Studinten en âld-militêren

Yn de maitiid fan 1943 moasten studinten de saneamde Loyaliteitsferklearring ûndertekenje. By wegering folge ‘tewerkstelling’. Yn protte studinten dûkten dêrnei ûnder.

In pear wiken letter folge de oprop oan de âld-militêren, dy’t yn 1940 fochten hiene, om har oan te melden foar kriichsfinzenis. It werklike doel wie harren yn te setten foar de Arbeitseinsatz. It gie om in groep fan 260.000 mannen. Hast elke húshâlding waard dêr troch troffen of koe ien tichteby dy’t it oangie. Dêrtroch waard de fersetsgeast oanwakkere; de April-maaiestakingen wiene it direkte gefolch. Op de langere termyn naam de reewilligens om ûnderdûkers in feilich plak te jaan, flink ta.
De fraach nei arbeidskrêften trof hieltyd gruttere groepen mannen yn de maatskippij, wêrmei’t de behoefte oan ûnderdûkplakken navenant grutter waard.

Spoarweistakers

In tredde groep betreft de dielnimmers oan de Spoarweistaking yn septimber 1944. Ek it tramweipersoniel staakte mei, en moast sadwaande ûnderdûke.

Oaren

Lytsere groepen dy’t ûnderdûke moasten wiene fersetsminsken,  dy’t troch de Dútsers socht waarden en bemanningsleden fan ferûngelokke alliearde fleantugen. De lêsten woene it leafst sa gau mooglik werom nei Ingelân. Der wie in yngewikkeld yllegaal netwurk dat har besocht te helpen fia Switserlân of Spanje te ûntsnappen. Troch ferried foelen in soad dochs wer yn Dútske hannen.