Do you have a story as well? Have you been in hiding yourself, do you know a Frisian story about going into hiding or do you have any material concerning this subject, and would you like to share it with us. Please contact Tresoar.
search all hideout cards
Djiplân
'Djiplân', een boerderij diep verscholen in de weilanden rondom het dorpje Burgwerd was tijdens de bezetting een schuilplaats voor vele tientallen onderduikers. Vijftig jaar na de oorlog werd het verhaal van deze boerderij op een wel heel bijzondere manier opgetekend. Lees hier het verhaal (in het Fries).
Ynlieding - Otto Kuipers
‘Tusken gers en wetter in paad. De hoarizon tekene troch de donkere skaden fan tuorren en huzen, pleatsen mei beammen en reid. Opfleanende fûgels, sjongend yn ‘e maitiid fan 1944.’ Sa tocht Ate van der Werf yn 1992 tebek oan de pleats dêr’t er hikke en tein wie. De pleats hjitte en hjit noch altiten Djiplân. De namme Djiplân komt fan ‘fier’, oftewol djip yn it lân. Sa wie it ek. De pleats yn de Aylvapolder wie oer lân allinnich berikber oer in mear as in kilometer lang paad dat begûn op de Sjungadyk, even westlik fan Burchwert. Dizze lizzing yn in efterôfhoeke makke Djiplân yn ‘e oarlochsjierren ta in ideaal plak om ûnder te dûken.
It plak mocht geskikt wêze om ûnder te dûken, net minder belangryk wie de gastfrijens fan de bewenners tsjinoer harren, dy’t gefaar rûnen om oppakt te wurden. Dy gastfrijens waard op Djiplân belicheme troch Pietje Ates de Boer. Dizze frou wie 34 jier doe’t de oarloch útbruts, hast twa jier widdo en mem fan fjouwer bern yn de leeftyd fan twa oant en mei sân jier. Ate en Durk, in twaling, wienen de âldsten, folge troch Cilia en Ype. Pietje stie der lykwols net allinnich foar om de buorkerij op gong te hâlden en har rol as mem te ferfoljen. Jehannes, de jongere broer fan har ferstoarne man, wenne by harren yn en wie in ûnmisbere skeakel yn it boerebedriuw.
It jier 1943 foarme in brekpunt yn de oarloch, ek op it Djiplân. By ‘t hjerst fan dat jier kaam der in frou de reed nei de pleats opriden. It wie Talje Bruins fan Snits. Se wie net allinnich. Sy hie in joadske poppe by har, amper in jier âld. Dy poppe hie de namme Rachel krigen, Rachel Schrijver. Rachel wie yn septimber 1942 yn Amsterdam berne, yn ‘e tiid dat de joadedeportaasjes nei Westerbork yn folle gong wienen. Rachel hie it lok dat sy foar it fizier kaam fan de Amsterdamse Studenten Groep (ASG), dy’t har ynsette foar it yn feilichheid bringen fan joadske bern. Rachel krige fansels in nije identiteit: Martina (Matti) Haagens, in evakuee fan Rotterdam. Iet van Dijk, in studinte medisinen, brocht Matti, nei alle gedachten mei de Lemmer boat, nei Snits. Dêr waard se earst ûnder de hoede nommen fan Hendrik Gerritsma en syn frou Talje Bruins. Gerritsma wie dokter yn Snits en soe yn ‘e twadde helte fan de oarloch de medyske fersoarging fan sa’n tachtich joadske bern, dy’t yn syn wenplak ûnderdûkt wiene, op him nimme. Hy sil Matti ek ûndersocht hawwe en syn fiat jûn hawwe om har nei har ûnderdûkadres te bringen. Talje Bruins hat it earste part fan de tocht, fan Snits nei Boalsert, letter as folget beskreaun:
‘Een grappige situatie was het toen mijn broer [Kees, zie volgende alinea], die ondergedoken was bij de weduwe Van der Werf in Burgwerd, me onder strikte geheimhouding meedeelde, dat daar ook een klein joodsch meisje ondergedoken was, die op een donkere avond in Bolsward gebracht was door een dame met een knipperende zaklantaarn. Verder wisten ze niets van het kind. Mijn broer wist niet dat ik die dame was. Ik herinner me trouwens van die tramreis, dat belangstellende buren, die de zaak zeker niet geheel vertrouwden (het kind had een uitgesproken joodsch uiterlijk) mij mededeelden, dat het kind toch zo sprekend op mij leek, wat ik maar braaf beaamd heb.’
De lêste etappe fan Boalsert nei Djiplân dy’t Matti noch ôflizze moast waard troch Johannes Zantman (berne op 23 desimber 1914 yn Boalsert) foar syn rekken naam. Sa kaam Matti op de dei fan Sint Marten as earste ûnderdûkster op Djiplân. Sa’n seis wike letter - de deis foar Kryst - arrivearre de twadde Amsterdamske joadske ûnderdûkster, Lenie Kokernoot.
Op 1 maart 1944 kaam Tjitte Koopmans nei Djiplân. Tjitte wie troch de Dútsers tewurksteld west, mar dûkte ûnder doe’t hy de mooglikheid dêrta hie. In pear dagen letter kaam Piet de Boer (skûlnamme fan Kees Bruins), in broer fan Talje, nei de pleats yn de Aylvapolder. Ek hy woe net foar de Dútsers wurkje.
Yn ‘e rin fan de oarloch wisten ek oare ‘goede’ Nederlanners Djiplân te finen. Op in gegeven momint holden der sechstjin KP-ers (leden fan in knokploech) ta. Yn de lêste moannen kamen ek noch guon evakuees.
Alle ûnderdûkers belibben de befrijing. Matti mocht wer Rachel hjitte. Doe’t it dúdlik wie dat har beide âlden omkommen wienen koe Rachel op Djiplân bliuwe. Se waard part fan de famylje. Dat waard moai dúdlik nei har ferstjerren yn 2008. De bern fan Pietje de Boer setten in advertinsje yn de krante mei de folgjende tekst: ‘Met veel verdriet nemen wij afscheid van onze bijzondere zus en tante Mattie, Rachel Schrijver. Vanaf 11 november 1943 opgegroeid in Djiplân’.
Doe’t Piet de Boer en Hanneke Holthuis yn 1992 fjirtich jier troud wienen kamen de bern mei it idee om in boek mei ferhalen oer harren beider libbens gear te stallen. Dat wie de oanlieding foar Tjitte Koopmans en Ate van der Werf om harren oantinkens oan de oarlochstiid op skrift te setten.
Ate skreau de teksten ferfolgens oer yn in bysûnder hânskrift en makke der moaie tekeningen by fan de pleats, de omkriten en fan it boerewurk. Dy teksten binne hjir te besjen:
De transkripsjes fan de beide teksten stean hjirûnder, earst de tekst fan Ate van der Werf, folge troch dy fan Tjitte Koopmans.
De belangrykste persoanen yn it ferhaal binne:
De gastfrou
• Pietje de Boer (berne op 12 febrewaris 1906 op Warinxvliet ûnder Skearnegoutum en ferstoarn op 13 augustus 1998 yn Boalsert). Sy wie widdo fan Wiebe van der Werf (berne op 14 novimber 1899 yn Hartwert en ferstoarn op 7 juli 1938 yn Burchwert). Yn 1958 troude se mei Epke Pieters Bootsma (berne op 29 novimber 1895 yn Reahûs en dêr ferstoarn op 12 oktober 1978)
Har fjouwer bern
• Dirk Sible (Durk) van der Werf (berne yn 1933 yn Burchwert)
• Ate Rein (Ate) van der Werf (berne yn 1933 yn Burchwert en ferstoarn op 14 april 2014 yn Ljouwert)
• Cecilia Anna (Cilia/Cily) van der Werf (berne yn 1934)
• Ype Johannes (berne op 19 septimber 1937 op Djiplân en ferstoarn op 30 april 2016 yn Dimbulah, Austraalje)
Omke Jehannes
• Johannes Antonius van der Werf (berne op 10 juny 1909 yn Burchwert en ferstoarn op 7 april 1993 yn Balk) wie de jongere broer fan Wiebe (sjoch hjirboppe by ‘De gastfrou’) en naam nei Wiebe’s ferstjerren yn 1938 syn plak as boer op Djiplân yn
Wurknimmers
• Catharine van der Werf (berne op 27 oktober 1922 yn Abbegea en stoarn 5 july 2012 yn Boalsert). Sy wie faam op Djiplân, en in achternicht fan Wiebe en Jehannes
• Ynte Terpstra (berne op 27 july 1910 yn Boalsert en ferstoarn op 15 oktober 1998 yn Kanada) wie arbeider op Djiplân en wenne yn Burchwert
De joadske ûnderdûksters
• Rachel Schrijver (berne op 6 septimber 1942 yn Amsterdam en ferstoarn op 13 oktober 2008 yn Boalsert). Har ûnderdûknamme wie Matti. Yn de ferhalen wurdt se Mathie neamd, yn oare dokuminten wurdt har namme ek skreaun as Mattie of Matty
• Lena (Lenie) Kokernoot (berne yn 1924 en no ferstoarn, datum ûnbekend)
De oare ûnderdûkers
• Tjitte Koopmans (berne op 5 juny 1921 yn Ysbrechtum en ferstoarn op 6 maaie 1995 yn Snits)
• Kees (Cornelis) Bruins (berne op 18 februaris 1924 yn Grootegast en ferstoarn op 18 april 2001 yn Burgum)
De mûnder op de Aylvamûne by it Brewar (romme bocht yn de Boalserter Feart by Burchwert)
• Johannes Baarda (berne op 8 juny 1882 yn Blessum en ferstoarn op 28 july 1964 yn Wommels)
Djiplân en syn bewenners - Ate van der Werf
Tusken gers en wetter in paad. De hoarizon tekene troch de donkere skaden fan tuorren en huzen, pleatsen mei beammen en reid. Opfleanende fûgels, sjongend yn ‘e maitiid fan 1944. Dêr leit Djiplân.
Iensum mei as neiste buorlju de poldermole en in pleats oan ‘e oare side fan ’t Brewar.
Omheind troch grutte beammen in plak foar minsken, dy’t op ‘e flecht wienen yn de oarloch.
Mem, Omke Jehannes, Catharine en Ynte, 4 bern: Ate, Durk, Cili en Ype [en fierders de joadske ûnderdûksters] Mathie en Lenie. Letter yn it lêst fan ’44 de evakuees: famylje De Grauw út Utrecht en de famylje Gubbels, 6 minsken, en prof. Kusters út Roermond. Doe ek al de mannen fan ‘e knokploech fan ‘t ferset.
Dan noch de oanrin fan fêste en losse minsken, dy’t kamen om molke, tsiis en bûter.
Burchwerters en Boalserters, mar ek út Hollân, Amsterdammers en út Haarlem, op ‘e fyts de Ofslútdyk oer; eefkes op ferhaal komme en dan werom. De honger wie in skoftke foarby.
Tjitte kaam de jûns fan 1 maart 1944. De oare moarns siet er by ús oan tafel. Tjitte Koopmans, in grutte kearel. Earst Mathie (11-11-1943), doe Lenie (24-12-1943) en dan Tjitte. In pear dagen letter stie Piet (de Boer) by de skuorredoarren; giele klompen ûnder de earms. Hy wie gjin famylje fan ús, dat hiene we al gau útsocht. Tjitte en Piet hearre by inoar. Doedestiids en no. Al is it dan sawat 50 jier lyn. Tjitte en Piet hearre by inoar, sa as Tetman en Jarich, as piper en sâlt, as Tjitte en Piet.
Neffens ús, wy wienen noch fan dy kweajonges fan 12-13 jier, wienen it twa bruorren, en grut. Se koenen fan alles en diene ek fan alles, en sterk. Tjitte luts alle tou sa stikken. Wy, mei grutte eagen sjen: ‘Dy is sterk’, en Piet mar laitsje. Wy bern yn dy tiid, fûnen it skitterjend dat sy der wienen, en earlik sein, dat is no noch sa.
Mei syn beiden sliepten se yn it keammerke oan de noardside fan ‘e pleats. Se gienen dêr hinne troch de skuorre en dan oer de heasouder. Ek ha se in hol ûnder it hea makke, 7 meter djip. Letter yn ‘t jier sliepten se yn in stekwein earne yn ‘t lân. Jûns let brocht ‘t hynder de wein dêr, en moarns betiid, neidat Omke Jehannes it sein feilich jûn hie, kamen se wer thús. Wer letter rûnen se wacht om ‘e pleats hinne, fan jûns 8 oere oant moarns 4 oere, melkerstiid. De lêste moannen naam de knokploech de wachttiid oer. Der is nea wat bard, mar de fijân wist genôch of better sein, se doarsten it risiko net oan.
Tjitte en Piet ha tegearre hiel wat wurk fersetten. Alle grutte beammen oan ‘e súdkant fan ‘e pleats waarden kapt, yn blokken seage, mei twa man oan ‘e trekseage, spjalte yn kaphout en opsteapele. De waskhoksouder fol mei hout, grutte bult lâns de skuorremuorre; alle hout foar de kommende winters.
By it bûthúswurk, ‘t mjuksjen, boppe yn it bûthús begjinne en sa nei ûnderen. Lytsbûthús en de skuorre en dat alles yn ‘e kroade nei bûten ta de rûchskerne op. Swier wurk, foaral winterdei mei glêde planken. By it alle wiken roskammen en sturtwaskjen fan ‘e kij stienen se foar harren wurk. Dan ‘t hea klear meitsje, fan ‘e golle nei de souder ta. Kuil ride, bieten snije mei de masine yn ‘e skuorre en kealleboarne. Moarns en jûns de molkbussen, mei it karke fan efterhûs nei de opfeart bringe en klearsette yn it boatsje, dat dan helle waard troch de molkfaarder. Skiepmelke wie ek ien fan dy wurkjes, dêr’t Piet syn tiid oan brûkte, yn ‘e hoeke fan ‘e sande by de hikken.
Yn it lân, mei yn ‘e ûngetiid
Moarns betiid mei de seine foarmeane. Omke Jehannes of Ynte op de masine, meane, de wâlskanten en greppels útswylje mei de harke. De skodder der troch en sinne en wyn die syn wurk. Mei de swylmasine der by lâns, de wurdzen yn ‘t lang oer de ekers en op reaken sette of as ‘t al minder waar wie, operje. Troch Omke Jehannes syn platte heaweinen koene Omke Jehannes en Piet deis 64 reaken hea de skuorre ynride. Dêr stienen Ynte en Tjitte klear om se yn ‘e golle te bringen. Wy de sturtsjes hea oanswylje en it lân skjinmeitsje, mar tuskentroch mei inoar kofjedrinke yn ‘e lijte fan in reak hea.
Nei de ûngetiid de rûchskerne
De weinen fol yn ‘t dongsteal, de belch (it hynder) lûke en nei it lân. Tuskenride en dan leegje, ‘n lange richel bultsjes op de ekers. En dan letter de dong útsmite oer ‘t gers en de grutte stikken útboetse.
Nei de dongtiid ‘t heakkeljen
Hoefolle meters sleatswâlen soene de mannen snien ha, en de sleat heakkele ha? De lânsfearten en dan mei Joh. Baarda, de grutte mounelier. Dreech wurk en ‘e lea brûke, gjin learzens mar op klompen. Hjerstwaar, mottich en smoarch. Joh. Baarda, ‘de man fan ‘e mole’, in ferhaal apart. Mei him ha se de polderdiken makke en noch op goede hichte brocht. By ‘Galama’s Leech’ wie alle lân der ûnderstrûpt. Hiel wat tiid is der oan fermakke.
It bushimmeljen en amers wie Piet syn wurk. Earst hat Tjitte it dien, mar dy stie it graach oan Piet ôf. Simmerdei, op ‘t stalt by de opfeart. Lekker wurk, mar yn ‘e hjerst en winter in kâld putsje. Skjinmeitsje, it skjinne spul op ‘t karke en dan kreas op ‘e rige sette op ‘e amers en bussenbank tsjin de skuorremuorre oan.
Dochs ek by ‘t wurk yn it foarein hienen Tjitte en Piet harren wurk. Ik sjoch Piet noch ôfwaskjen mei Lenie. Dan it bûtermeitsjen, mei de mole of mei de plons yn de molkbus. Tsiis meitsje en it yn ‘e kelder bringen fan de grutte tzizen. Ierdappels skile boppe yn ‘t bûthús. Moandeis Catherine en Lenie helpe mei ‘t oan ‘e wringer draaien by de wask.
By it bidden moarns en jûns wienen Lenie, Tjitte en Piet der net. Se giene dan nei bûten ta of it bûthús yn. Se diene dan ‘eigen bidden’.
Wat wit ik noch:
Wy jonges fan 13 jier wienen nergens bang foar. Teminsten, dat tochten we. Op in jûn soene we ien foar ien, yn ‘t tsjuster, ien kear om ‘e pleats rinne. Foar hûs lâns, de noardside, de bûthússide, nei achteren. Mar o heden, de grutte ljochten fan de fjoertoer “De Brandaris” draaide de pleats yn ‘t ljocht en ik skrok sa, de klompen út en op sokken werom, draafde it hûs yn, deabenaud. Doe gie Piet mei en hy fertelde wat dy ljochten wiene en wat se betsjutten.
Op in jûn, Omke Jehannes rûn wacht, kaam der in auto oan fan de Wytmarsumerkant ôf. Unrie? Doe’t ek noch de draai nei Djiplân nommen waard, wie it mienens en eltsenien, Tjitte, Piet, Lenie en Mathie fuort, de reidfjilden yn. Wy moasten op bêd, elts bêd waard besliept. It die bliken gjin earnst te wêzen. ‘t Wie de dokter út Wytmarsum mei in boadskip foar Omke Jehannes, oer evakuees.
Reedriden: Yn ‘e winter 44-45 koene we ride. Al frear it net sa fûl, de lânsletsjes wiene sterk, sadat we ride koene. Op in middei, ‘t wie mistich, Tjitte en Piet mochten mei, allinnich by hûs bliuwe en net fierder as oant de mole. Wy mochten noch wol fierderop, mar útsjen. Piet bleau by ús, mar Tjitte naaide út op syn Fryske noaren. Dochs kaam er al gau werom. Skrokken? Unrie?
Tjitte en Piet binne ek ris in pear dagen útfanhûs west. Wêrhinne? Letter, en dan ek wol 25 jier letter, hearden wy it wiere ferhaal. Se binne nei hûs útfanhûs west. Wat skieppefleis nei hûs bringe. It slachte bistke op ‘e slide. Dwersoer, der lei wat snie en de sletten wienen sterk.
16 april 1945
De moarns betiid riden de Kanadeeske befrijers troch Burchwert. De knokploech wie al yn Boalsert en de middeis giene Tjitte en Piet nei hûs op ‘e fyts. Ysbrechtum en Gruttegast. In nije takomst temjitte.
De maitiid wie betiid en ‘t wurk stie foar de doar. Omke Jehannes soe syn mannen misse. Der soe in soad feroarje, allinnich ‘t tinken oan dy tiid bleau itselde.
Wy nimme se elke dei fierder mei.
Warkum, novimber 1992
Ate van der Werf
Eltse dei fierder mei - Tjitte Koopmans
De ûnderdûkerstiid [fan] Kees Bruins (alias Piet de Boer), 18 maart 1944 - 16 april 1945 Djiplân
It is net sa maklik om noch wat op te skriuwen by alle eigen fertelde ferhalen fan Piet.
Ik begjin mar by syn kommen op Djiplân. Spierwyt hier, in blauwe overal oan, giele klompen en in poerbêste fyts. Hy makke him bekend as Piet de Boer, wat bekend hearde om reden. Mem, de boerinne, hjitte Pietje de Boer. En dan tink je daliks, famylje, wat net wier blykte te wêzen.
Piet wie in soan fan in notaris en ik wie in arbeidersjonge. Dy ôfkomst die der net ta, we pasten gewoan by inoar.
De oare deis waard troch Omke Jehannes it wurk regele. ‘t Himmeljen fan de amers en bussen op it stalt by de opfeart wie al myn wurk en Piet soe it mjuksjen dwaan. Mar dat wurk wie foar him gjin sukses. It riden mei in wein op fjouwer tsjillen lei him better dan mei ien tsjil, om’t de mjuksplanken smel en glêd wienen. We ha doe mar wiksele, en ik al sa bliid. ‘t Wetter fan ‘e opfeart wie yn ‘e maartmoanne noch oan ‘e kâlde kant.
‘t Waskjen fan ‘e kowesturten wie neffens my syn hobby. Allerearst die er dit wol trije kear yn ‘e wike en it duorre de hiele moarnstiid. Mar dan wiene se ek krekt sa wyt as syn eigen hier.
Omke Jehannes, in tûke boer, koe altyd wol wat betinke om ús oan ‘t wurk te hâlden. Doe’t de kij yn ‘t gers rûnen, koene wy wol de farske stront opskeppe en op ‘e wein dwaan. It wie better foar de groei fan it gers en wier, letter die bliken dat dat ek noch wier wie.
Under dat wurk is der wat ôfpraat. We koene fan ússels wol ús wurdsje dwaan. ‘‘t hat foartuten dien’, sei Mem. ‘Omke Jehannes learde ek praten’.
De ûngetiid wie in apart ferhaal. Troch in technyske útfining fan Omke Jehannes, skoden we de grutte reaken hea yn ien kear sa op ‘e wein, wêr’t we earst mei de heafoarke sa’n heal oere oer dienen. De buorlju-boeren skodden mei de holle, fan ‘Omke Jehannes hat ek wer ris wat útfûn’. Omke Jehannes en Piet wiene mei dit wurk sa op inoar ynspile, dat se yn ien dei 64 reaken fan it lân helje koene. Wol dêrnjonken wie dat Ynte en ik ‘t hea net sa hurd yn ‘e golle krije koenen. De buorlju seine neat mear, sy hiene hjir wol trije dagen wurk mei.
Yn ‘e hjerst wie it heakkeljen al wer in oar ferhaal. ‘t Wie swier wurk, je moasten de lea brûke, mar wy wiene jong en sterk. Ien feart wie troch ús foargongers (Aart en Joop) sa goed heakkele, der wie net folle mei te berêden, sei Omke Jehannes. Neffens him hie er 16 kear twa weinen nedich hân om alle seadden fuort te bringen. Hy, Omke Jehannes, hat it witten. Doe’t wy it karweike klear hienen, moast er 23 kear ride.
Piet waard yn dy tiid beneamd as molketapper om de molkehellers te betsjinjen. Foar ien klant wie molke-molke, mar wie Piet de haadsaak. Anna Ploegstra wie fereale op him en net by him wei te brânen. Doch de leafde kaam fan ien side. Wat de froulju oangiet wienen we net ferwend. De ferhâlding wie goed, mar op in ôfstân, en dat wie goed.
In probleem wie de bolle; hy bruts sa no en dan los en gie dan by de buorkokes op besite. Dat koe net, dus der hinne en probearje om him te fangen. Dat wie net sûnder risiko’s. De lêste kear krige hy my te pakken, mei as gefolch dat ik ien wike plat moast. Foar it bistke minder, hy waard ôfmakke.
In oar foarfal dat no dochs wol ferteld mei wurde. Lenie, in Amsterdamse, hie noch nea sjoen hoe’t in bolle syn wurk die en se wie tige nijsgjirrich. We sprutsen ôf har te warskôgjen as it sa fier wie. Lenie soe dan fan efter de bûthúsrútsjes tasjen, mar doe’t de bolle syn wurk dan dwaan soe, seach er har, skrok en it feest gie net troch. Jammer foar alle twa.
Piet hie it foarrjocht om mei Catrien de wask troch de wringer te draaien. Net ien kaam sa ticht by har yn ‘e buert.
It bûtermeitsjen, wol spinne en ‘t skilen fan ierdappels wiene tuskentrochwurkjes.
De mole fan Joh. Baarda wie faak in plak foar ús foar wat ferdivedaasje. Johannes Baarda, de man fan ‘e mole, wie in man dy’t alles meitsje koe wat syn eagen seagen. Hy koe prachtich fertelle mar ek freeslik flokke. Mei him ha wy in polderdyk oanlein, foar 60 sinten yn ‘t oere.
Mar ek hat hy ús bybrocht hoe’t we in einekoer flechtsje moasten. Under op ‘e bûthúsflier ha wy ‘t tegearre dien, strie en reid en mar draaie en trochelkoar flechtsje.
As je dit skriuwende sa lêze, freegje je je al ôf, wie it einliks wol oarloch? No, we moasten altiten op ús iepenst wêze en goed útsjen, want yn Wommels, sa’n kertier fytse fan Djiplân ôf sieten 23 man fan ‘e S.D. en dat wiene gjin leave jonges. Yn ‘e hjerst begûnen se mei razzia’s yn ‘e hiele omkriten.
Nachten ha we yn waar en wyn yn ‘e fjilden rûn en wekke, ek om ‘e pleats. Fan jûns 8 oere oant moarns 4 oere. Poertsjuster, nearne wie in ljochtsje, alle lûd fongen je op en alles wie fertocht. Dat ‘s nachts omheukerje, kâld en mottich, ûnlijich, wie senuwslopend en net fol te hâlden.
Doe kamen wy op ‘t idee, in huifkar, dêr’t we doe in trije wike midden yn ‘e polder yn sliepen ha. Letter in hol, makke yn ‘t hea yn ‘e golle, sân meter djip. Nei dy tiid besjoen, libbensgefaarlik, want wy sieten as rotten yn ‘e falle.
Doe’t ek de 16 man fan de knokploech op ‘e pleats kamen, naam dy de wacht oer. Dy mannen hiene goeie wapens, wol wat rûch en sûnder soargen. Se brûkten har granaten û.o. foar it fiskjen. It alderspannendst wie de dropping fan wapens út Ingelân. Dat is net te beskriuwen, dat moatte jo meimakke ha.
Hoe’t alles op ‘e pleats gie en foaral yn it foarein regele waard is my net dúdlik. Want dêr wiene ek noch 10 evakuees, mar Mem wie in dominante figuer en hâlde it strak.
Alles is lang net ferteld, mar dat kin Piet sels wol oanfolje.
Mei tank en bewûndering tink ik der noch oan, wat dizze minsken, bewust en ûnbewust, foar ús dien en doarst hawwe.
Oarlochsferslachjouwer Tjitte Koopmans, Snits
Comments (2)
Douwe van den Berg zei op 07 May 2018 om 12:00
Ik wil graag even reageren. In mijn beleving klopt het verhaal niet helemaal. In eerste instantie wordt er gesproken als zou Talje Bruins, de vrouw van dokter Gerritsma, Rachel schrijver op Djiplân hebben gebracht.
Even verderop wordt gesproken dat Johan Zantman haar naar de boerderij zou hebben gebracht.
Dat laatste klopt. We hebben wel met Johan Zantman gesproken.
Dit laatste werd ons ( mij ) bevestigd destijds door de pleegmoeder van Rachel ( Mattie ) Schrijver )
Douwe van den Berg
(Getrouwd geweest met Rachel Schrijver.)
We hebben destijds nog geprobeerd om Iet van Dijk te vinden.
Dit is niet gelukt.
We hebben toen navraag gedaan bij het artsenregister. Daar is ze uitgeschreven toen ze naar Indonesië is vertrokken zo werd ons verteld.
Otto Kuipers (Tresoar) zei op 25 May 2018 om 10:52
Beste Douwe van den Berg,
Bedankt voor uw reactie. Bij het reconstrueren van de komst van Rachel Schrijver naar Djiplân liep ik tegen meerdere, van elkaar verschillende, verhalen aan. Op basis van het verslag, dat Talje Bruins na de oorlog heeft opgesteld, én op basis van verschillende mondelinge mededelingen acht ik de volgende loop der gebeurtenissen het meest waarschijnlijk, zoals ik die ook in de inleiding heb verwoord: Talje Bruins bracht Rachel met de tram van Sneek naar Bolsward en leverde haar daar bij Johannes Zantman af. Zantman bracht haar vervolgens naar Djiplân.
Wist u overigens dat in de Leeuwarder Courant van 29 april 2017 een groot artikel heeft gestaan over Iet van Dijk?
Met vriendelijke groet,
Otto Kuipers (Tresoar)
Add new comment