Pleatsen

Ofhannich lizzende pleatsen op it Fryske plattelân wiene – fansels – de bêste plakken om ûnder te dûken. Op in pleats wiene faak genôch goede skûlplakken foarhannen. Dêrnjonken wie der gjin tekoart oan iten en koe men de fijân al fan fier oankommen sjen. In grut bykommend foardiel fan dy situaasje wie dat de ûnderdûkers faak gewoan nei bûten koene. Folwoeksenen koene helpe mei alderlei wurk op en om ‘e buorkerij hinne en bern koene yn guon gefallen gewoan nei skoalle. Dy frijheid hiene de ûnderdûkers yn stêden en doarpen faak net. It gefaar om ferret te wurden wie altyd oanwêzich. Om sa ûnsichtber mooglik te wêzen hawwe guon ûnderdûkers in pear jier op in souderkeamer of yn in oare ôfsletten romte trochbrocht.

Tsjerken

Tsjerken beane ek ferskate mooglikheden om ûnder te dûken. De hâlding fan de predikant en fan de koster wiene dêrby fan trochslachjaande betsjutting. Hendrik Harm Gaaikema, predikant fan de Meniste Gemeente yn Damwâld, stie oan ‘e ‘goeie’ kant. Dat jilde ek foar de kosteres. Har twa soannen Johannes en Jan de Hoop dûkten ûnder yn in yn de tún útgroeven hol. Dat hol wie berikber fia it geitehok efter it fytsehok fan de tsjerke. Letter kamen dêr noch twa ûnderdûkers by, wêrûnder in Jurjen Riemersma. Oerdeis hâld dy Jurjen him skûl op ‘e souder fan de ‘tsjerkekeamer’. Dêr hold hy him dwaande mei it drûgjen fan tabaksblêden. Drige der in razzia, dan kroep hy efter it oargellûk. Under de preekstoel sieten ek ûnderdûkers. Dy beskikten dêr sels oer in radio, wêrmei’t sy nei Radio Oranje en oare troch de Dútsers ferbeane stjoerders harken.

Bysûndere winsken

Foar it sykjen fan in skûladres moast soms ek rekken hâlden wurde mei bygelyks de sûnens fan in ûnderdûker. Sa fersiket in LO-meiwurker yn in brief oan ‘Gerrit’ (skûlnamme foar Gerard Haagen yn Drachten) it folgjende: ‘Zeg, over die bewuste man in onze gemeente. Die man wil, zoo hij uitdrukkelijk verzekerd heeft gaarne zoo spoedig mogelijk onderduiken...(...) Hebben jullie voor bovengenoemde persoon een plaats voor zijn persoon, dat zijner vrouw (loopend tb-patiënt) en hun dochtertje van plus minus 11 jaar. Dus een plaats van veel licht en lucht en waar tenminste de vrouw zich veel buiten kan begeven.’
It mei dúdlik wêze dat it ôfstimmen fan ‘fraach en oanbod’, yn kombinaasje mei soms bysûndere winsken in enoarme puzel west hat.